100 jarig jubileum KF Us Nocht Blije · Foto('s): Eigen foto
  Eigen foto

100 jarig jubileum KF Us Nocht Blije

zondag 21 mei 2023

BLIJE – Jammer genôch kinne we net in soad fertelle oer de skiednis fan de keastferieniging, omdat alle âlde ferslaggen fan oerlizzen en dokuminten by in brân ferlern gien binne. It ferhaal fanút de oerlevering fan de foargeande jubilea fertelt dat der by Tjalling Holwerda in findel fan de keatsferieniging fûn is mei de tekst ‘K.V. Us Nocht 1923-1948’, nei alle gedachten is dizze makke foar it 25-jierrich jubileum. Oan de hân fan dit findel is it jier 1923 as it jier fan oprjochting feststeld en folgje wy mei it 100- jierrich bestean de eardere jubileumjierren.

Neffens it Keatsmuseum wienen der al earder keatslûden yn Blije te hearren. Sa waard op 12 juli 1760 troch kastlein Lolke Jans fia in advertinsje yn de Ljouwerter bekind makke dat hy op 20 july in ‘mooije silveren bal ferkeatse litte woe’. Yn 1870 waard skreaun oer in keatsdei wêrfan yn de krante stie: ‘2e plaats voor K. Slager en K. Bakker uit Blija’. Yn 1942 waard Blije lid fan de N.K.B. mei de namme ‘Us Nocht’.

Datselde jier kaam de fuort in troch-elkoar-lotsjen partij mei mar leafst 35 partoer. Yn de periode 1945-1955 hat Blije 8 kear mei dien
oan de Freule’. Yn 1953 wienen der lytse rollen foar Blije op de ‘Freule’ (J.J. en G. Hoekstra en A. de Jong, 6e priis) en de ‘Seniorenbûn’ (Joh. de Jong, Sj. Ferwerda en Y. Holwerda, 9e priis). Yn 1956 wûnen J.J. Hoekstra, G. Hoekstra en K. Hiddema de 4e
priis op de Jong Nederlandpartij. Yn ’75 en ’76 fertsjintwurdigje H.S. de Jong, Joh.W. Ferwerda en H. Hartmans Blije op de ‘Freule’. Dernei is it in set stil west, mar yn 2019 wint Blije op it NK Pupillen de tredde priis (Karst Hoekstra en Pieter Hoogland).

Fan it 25-jierrich jubileum yn 1948 is der, útsein it earder neamde findel, neat bewarre bleaun. 50 jier letter waard it 75-jierrich bestean op 20 juni fierd, fan dizze dei witte we mear. De dei begûn mei in bakje kofje yn café ‘Veldzicht’, wêrnei de keatsers en it publyk efter it korps ‘De Volharding’ op nei it fjild tôgen. Yn it skaad (oan de readferbaande gesichten op de foto’s te sjen wie it in
waarme dei) soarge it korps de hiele dei foar muzikale oanklaaiing. Der wienen 7 partoer by de jeugd, winnaars wienen hjir Jan Germ de Vries, Sytske-Nynke Ferwerda en Johan van der Meij. By de froulju wienen der 5 partoer, hjir gienen Petra Oevering, Marije Hoekstra en Sjoeke Swart mei de krâns nei hûs. De manlju keatsten mei 7 partoer en hjir wûnen Sjaak van der Heide, Jan de Vries en
Teake Fennema. De jûn waard feestlik ôfsluten yn café Veldzicht mei in ferlotting en der koe dûnse wurde op de musyk fan de band
‘What’s up!’

Op 3 juni 2023 skriuwe we der wer in stikje skiednis by, we hoopje dat dit better bewarre bliuwt foar it neigeslacht sadat sy oer 100
jier fertelle kinne oer ús prestaasjes en dizze moaie dei.

Programma

9.00 uur Kaatswedstrijd met zachte bal voor de jeugd

– alle jeugdleden en jeugd t/m 13 jaar van Blije (inleg 2,50 euro p.p.)
– prijsuitreiking na afloop van de jeugdpartij
– opgave voor maandag 22 mei bij Janneke van Sinderen (tel. 06 18861391)

10.00 uur Koffie met gebak, aangeboden door de MFA

12.00 uur Soep met een broodje beschikbaar voor alle deelnemers in de MFA, voor de niet-deelnemers is dit tegen een vergoeding af te halen

13.00 uur Kaatswedstrijd met zachte bal voor 14+ jeugd en senioren:

– voor alle leden en inwoners van Blije (inleg 5,00 euro p.p.)
– prijsuitreiking na afloop van de wedstrijd
– opgave voor maandag 22 mei bij Janneke van Sinderen (tel. 06 18861391)

18.30 uur Warm- en koudbuffet in de MFA, eigen bijdrage 10,00 euro p.p., voor kinderen t/m 12 jaar 5,00 euro p.p. opgave voor maandag 22 mei bij Jantina Eelkema (tel. 06 28290921)

21.30 uur Feesttent met muziek van Frerik de Swetser gratis toegang voor leden en oud-bestuursleden de entree voor niet leden bedraagt 10,00 euro p.p.

Auteur: Redactie RTV NOF
Heb jij nieuws of een opmerking? Stuur de redactie een WhatsApp.
Stuur je tip, video of foto's naar:
  0511-441202 of   tip@rtvnof.nl.

VANDAAG OP DE RADIO

105.0 - 105.8 - 107.0 - 107.3 - 107.8 FM
  • 00:00 - 07:00
    It lûd fan Stêd, Waad en Wâlden
    Non-stop muziek met (regio)nieuws en weer.
  • 07:00 - 09:00
    Op naar het weekend!
    Peter Visser
  • 09:00 - 10:00
    Ontbijtpop
    Peter Kraft
  • 10:00 - 16:00
    It lûd fan Stêd, Waad en Wâlden
    Non-stop muziek met (regio)nieuws en weer.
  • 16:00 - 17:00
    Gerrit on air
    Gerrit Wijkstra
  • 17:00 - 18:00
    Skerp op de Middei
    Kees Bakker
  • 18:00 - 19:00
    No Nonsense
    Henk en Gerrie
  • 19:00 - 21:00
    Country Ranch
    Harry Ettema
  • 21:00 - 22:00
    The Elvis Experience (week 1)
    Jaap Melessen
  • 21:00 - 22:00
    Heerlijkheden uit het verleden (week 2)
  • 22:00 - 00:00
    It lûd fan Stêd, Waad en Wâlden
    Non-stop muziek met (regio)nieuws en weer.
© 1989 - 2024 RTVNOF · Contact · Tip de redactie · Ingezonden brieven · Disclaimer · Privacy Statement RTV NOF · Vrijwilliger worden?