De premjêre fan it nije toanielstik fan It Hantumer Ploechje fynt plak om freed 31 jannewaris yn doarpshûs d’Âld Skoalle yn Hantum. Dit jier is tegearre mei regisseur Lucas de Blécourt it stik “Dokterke Boartsje” fan Carl Slotboom yn in oersetting fan Abele Krist ynstudearre.
De fan bankrôf fertochte Arie van Zanten is op de flecht foar de plysje en stowt it earste de beste gebou yn. Hy grypt in jas en docht dizze oan, mar as er it gebou wer út wol komt er haadsuster Gerda tsjin. Hja is yn de ferûnderstelling dat dit de plakferfangende dokter Van Vliet is en set him fuort oan it wurk. Omt der hieltyd mear plysjesirenes te hearren binne, bliuwt der foar Arie neat oars oer … hy moat wol “dokterke boartsje”, mei alle betiisde gefolgen.
Foar in noflik jûntsje laitsjen binne jo fan herte wolkom, de gerdinen geane iepen om 20:00 oere. Foar wa’t freed net kin is it mooglik de generale repetysje bij te wenjen op tongersdei om 19:00 oere.