Rekker: ‘Kollumerlân bliuwt yn beweging’ · Foto('s): Sake Beerstra
  Sake Beerstra

Rekker: ‘Kollumerlân bliuwt yn beweging’

woensdag 03 januari 2018

Toespraak Rekker nestor ried Kollumerlân. Ferline jier hie ik boppe myn bydrage oan dizze nijjiersresepsje ‘Kollumerlân yn beweging’ te stean. Dizze kear ha ik der in wurdsje oan taheakke: it wurdsje ‘bliuwt’. Wêrom moat dat ‘bliuwt’ derby? Om’t de gemeente ek foar it kommende jier wer in soad plannen realisearje wol. Easter- en Westerdjipswâl wurde oanpakt, der is al in soad wurk ferrjochte dat der foar soargje moat dat alles, sûnder al te folle oerlêst foar de omwenjenden, útfiert wurde kin.

Yn Kollum súdeast sil wer bouwd wurde, Thúswonen hat der plannen foar makke, sosjale hierwennings mar ek in oantal kavels foar keapwennings. De Beintemawei yn Westergeast wurdt oanpakt en it opknappen fan de Sparrewei yn Kollumersweach(Sânbulten) stiet yn de planning, at de útfiering dêrfan ek noch yn 2018 plakfine kin, is noch net seker. De brêge Aldwâldemersyl wurdt fernijd: no ja fernijd, der komt in brûkt brêgedek yn, jawis goedkeaper, mar it past ek hiel goed yn it werbrûken fan materiaal.

Kollumerlân bliuwt yn beweging
Mei dizze plannen wurdt fierder wurke oan datjinge wat yn 2017 syn beslach krige hat. Kollum Wettersportdoarp earste fase waard oplevere, in opstekker foar de gemeente en foar Kollum. Yn it hert fan Kollum kaam in prachtich gebou foar klanten fan Talant, no noch in bestimming foar it eardere gemeentehûs, it sjocht der no net út. Oan de Gysbert Japixcstrjitte binne nije wennings bouwt, se binne allegearre bewenne, de Halbertsmaflat is in oanwinst foar it doarp. Net allinne yn Kollum wurdt der bouwd. Cedelshôf yn Kollumersweach jout in soad bouaktiviteiten te sjen, it bedriuwenterrein yn Kollumersweach is likernôch folbouwd, nei in mindere tiid doarre ûndernimmers wer út te wreidzjen. Yn Westergeast kinne wy sjen dat Fokkema’s Pleats wer in plaatsje wurdt en ek op Ljeppershiem wurdt wurke oan in nije ynfolling fan dit terrein. Dêrneist de partikuliere bou yn u.o. Aldwâld en de easthoeke fan de gemeente.

Kollumerlânbliuwtyn beweging
Dan ha wy noch net neam dit projekt ‘skoallebou yn Kollum’. Ek yn 2017 ha we dêr as ried in soad oandacht, en dus ek diskusjes, oanbesteegje moatten. Net alle partijen wiene oerstjoege fan it nut foar nijbou foar it fuortset ûnderwiis. Jawis, it kost in soad jild wylst prognoses oanjouwe dat it learlingenoantal op termyn weromrinne sil. De koalysjepartijen wiene fan miening dat it net trochgean fan dizze nijbouw foar Kollumerlân c.a. en benammen foar it doarp Kollum, as risseltaat ha soe dat Kollum in leechrinnend doarp wurde soe, en, ek net ûnwichtich, learlingen foar it fuortset ûnderwiis dan lange reizen meitsje moatte om it winske ûnderwiis folgje te kinnen. It is no safier dat meikoarten in begjin makke wurde kin mei de bouw fan in nije Campus oan de Gerrit Bleekerstrjitte mei deryn in nije Piter Jelles, Lauwerscollege in nije Colle en de bibleteek.

Ek foar it basisûnderwiis is nije húsfesting needsaaklik foar sawol Casimirskoalle as foar de Keningin Julianaskoalle. Ek hjir de nedige diskusjes yn de ried oer, fansels ek al om ‘tek dit wer in soadjild kostje moat. Mei dat der in soad jild fanút precariorjochten beskikber wie, gie dizze diskusje wat maklikker. De needsaak waard sjoen! Tagelyk mei it net ta koste geancfan de hûsfesting fan de oare skoallen yn de gemeente. Doe’t wy as ried tochten dat we klear wiene mei dit ûnderwerp, bliik út nije prognoses dat der mear romte foar it basisûnderwiis en berneopfang komme moast en dat yn in tiid dat der eins allinne mar fan krimp sprutsen wurdt.

Net foar it doarp Kollum dus! It learlingenoantal sil de kommende jierren groeie en dus mear romte nedich wêze. Der wie rom in miljoen euro mear nedich. It lefere dizze kear net safolle diskusje op yn de ried. Alle partijen wiene unanym fan miening dat dit jild der komme moast. At alles no in kear mei sit, dan moatte der medio 2019 twa nije skoallen yn Kollum stean.

Kollumerlân bliuwt yn beweging
Wat ek ta de nedige diskusje yn de rie laadde, wie de wersjenning fan it bestimmingsplan bûtengebiet. Ferskate ynwenners en ynstânsjes hiene dêr sjenswizen foar yntsjinne, se moasten allegearre harren oandacht ha. Net eltsenien krige syn of har gelyk, benammen it mooglik meitsjen fan camperplakken yn it Paradyske wie in ûnderwerp dat in soad fan de riedsleden frege hat: net allinne yn de riedsgearkomsten mar ek nei de minsken ta om harren miening te hearren. Sa heart it ek fansels, mar persoanlik wol ik dêr wol by oantekenje dat we hjir te meitsjen hiene, en noch hawwe, mei twa partijen hiel hurde koppen, inoar op ien of oare wize temjittekomme (wie) is der net by.

It behâld fan de houtsingels en elzewâlen wie ek in ûnderdiel fan dizze wersjenning. Se binne ûnderdiel fan it lânskip fan de Fryske Wâlden, tagelyk moat der ek rekken mei hâlden wurde dat de boer ek op in goeie wize it lân bewurkje kin. Mei it al mar grutter wurden fan de masjines komt de winsk om ek gruttere persielen te krijen. As ried binne we der meiinoar út kaam, mar ek hjir sil net eltsenien tefreden mei de útkomst wêze.

In hiel oar punt, it personielstekoart op de ôfdieling romtlikeoardening, in gefolch fan it ynmekoar skouwen fan de ôfdielings yn ferbân mei de fúzje en mear drokte troch dat der wer bouwd wurdt. De besetting op de ôfdieling wie der net op berekkene. Der wiene gewoan te min minsken, mei as gefolch dat der in soad wurk net tidich behannele wurde koe. It soarge foar fragen oan riedsleden: “Wêrom duorret it sa lang foardat ik wat fan de gemeente hear, omtrint myn oanfraach foar bouwen of ferbouwen?”.

Fanút itk olleezje waard der de noadige oandacht oanbestege, yn earsten sûnder al tefolle risseltaat. Dan lêze jo ek noch yn de krante dat in wethâlder fan in fúzjepartner Dongeradiel seit dat er al hielendal gjin personielsgebrek op de ôfdieling is, foar ús net te begripen. De oare deis hat de man yn in yntern memo witte litten dat syn útspraak yn de krante dochs net kloppe, mar it komt nei de bûtenwacht wol hiel frjemd oer, jo kinne je dan ôf freegje hoe at de kommunikaasje op de ôfdieling is. Nei myn miening in dikke flater fan dizze wethâlder.

Kollumerlân bliuwt yn beweging, jim ha it jûn al mear heard, mar it giet net op foar de foarsjennings yn de doarpshûzen. Boerum, Kollumerpomp. Westergeast, Trieme, Kollumersweach, allegearre wolle graach harren doarpshûzen opknappe en de gemeente wol wol helpe mar mei troch de fúzjefoarskriften slagget dat oant no ta mar foar in diel. Spitich, mar kolleezje en ried jouwe de moed noch net op.

En dan noch wurkfoarsjenning NEF. De plannen om Kollum te slúten en alles nei Dokkum te bringen soarge foar in wjerstân yn Kollum, sawol by de rie as by it kolleezje. Al dat krewearjen fan Kollumerlân hat der ynearsten foar soarge dat de plannen op de lange baan skood binne, ôfwachtsje hoe’t it fierder komt. Nei betingst fan de rie, is der tefolle nei jild sjoen en te min nei de minsken dy’t der wurkje.

Yn it stikje ‘soarch’ kaam ek de earmoed ûnder bern oan de oarder. Oan de bûtekant faak net te sjen, mar it blykt der wol te wêzen. Om der efter te kommen hoe grut de need is, hat de ried de opdracht oan it kolleezje jûn nei te gean om dit yn byld te bringen.

En, we kinne der net omhinne, de fúzje. In dreech proses sa docht wol bliken. It freget in soad ynset fan de amtners, se fertsjinje in kompliment foar al it wurk dat se fersette moatte om oan it ein fan it jier in goed rinnende organisaasje te krijen. It freget ek in soad ynset fan de riedsleden, in grut part sit yn de ien of oare stjoergroep. In goeie saak! Sa kinne we as rie ek meiprate oer de takomst fan de fúzjegemeente DFK, ek it kommende jier sil dit net oars wurde.

En fierders noch de winkeliepening op de snein, it sykjen nei gas,ek yn de omjouwing fan Kollumerlân, wat hat dat foar gefolgen en gean samar fierder. In drok jier mei ek noch in wikseling yn de besetting fan de rie, Eppie Klaver kaam foar de VVD yn it plak fan Anne Koster en Jan Dekkema kaam it plak fan Margreet Jonker by de Christen Unie yn nimmen.

Wurk genôch foar de riesleden fan FNP, CDA, VVD, PvdA en Christen Unie it ôfrûne jier en seker ek it kommende jier, se steane der foar en nammens dy partijen winskje ik jim allegearre in sûn en lokkich 2018.

© Wieger Rekker nestor ried Kollumerlân

Auteur: Redactie RTVNOF
Heb jij nieuws of een opmerking? Stuur de redactie een WhatsApp.
Stuur je tip, video of foto's naar:
  0511-441202 of   nieuws@rtvnof.nl.

VANDAAG OP DE RADIO

105.0 - 105.8 - 107.0 - 107.3 - 107.8 FM
  • 00:00 - 08:00
    It lûd fan Stêd, Waad en Wâlden
    Non-stop muziek met (regio)nieuws en weer.
  • 08:00 - 09:00
    Goed Gestemd
    Oebele en Sia Vries
  • 09:00 - 11:00
    Tsjerke-tsjinst
    Dienst uit de streek
  • 11:00 - 12:00
    Capriccio
    Haite Schukking
  • 12:00 - 14:00
    Blasmusik im Herzen
    Durk en Annelies
  • 14:00 - 17:00
    Rûnwei Sport
    Live verslag van sport uit de streek
  • 17:00 - 18:00
    Geloven en Beleven
    Harry Nienhuis
  • 18:00 - 19:00
    Wâldklanken
    Harry Nienhuis
  • 19:00 - 21:00
    RTV Metalcafé
    Marcus en Jitse
  • 21:00 - 22:00
    Met de voet tussen de deur
    Martin van der Velde
  • 22:00 - 00:00
    New Age
    Kees Haremaker
© 1989 - 2024 RTVNOF · Contact · Tip de redactie · Ingezonden brieven · Disclaimer · Privacy Statement RTV NOF · Vrijwilliger worden?