Nei it Hollânsktalige Fryslânnûmer fan Donald Duck ferskynt heal april in folslein Frysktalige Donald Duck. Mei de tariedings foar it Fryslânnûmer, dat yn jannewaris by útjouwer Sanoma ferskynde, wiene al kontakten lein mei Fryslân Marketing/Fan Fryslân en de Afûk. ‘In Frysktalig Duck wie al gau punt fan petear en no is it safier: it sil heve,’ fertelt Sjoukje Jager fan de Afûk.
Yn de Fryske Donald Duck ferskine yn totaal 9 yn it Frysk oersetten strips fan de ferneamde ein. Dêr hearre de strips dy’t spesjaal foar it Fryslânnûmer makke binne by, mar ek in tal âldere strips dy’t goed yn it Fryske nûmer passe. De Fryske oersetting makket it hielendal kompleet. Anne Tjerk Popkema, dy’t de oersetting fersoarge hat, is der hiel goed yn slagge om de ferhalen troch de taal noch mear nei Fryslân ta te heljen, ynklusyf de typyske Donald Duck wurdgrapkes.
De Fryske Donald Duck sil fan heal april ôf op safolle mooglik plakken yn Fryslân te keap wêze.